Kollum: "As in mâlenien genietsje"

21 jun 2016 - 08:34

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"It stie tusken de berjochten oer it fingerkerûken fan Joachim Löw en Lego Movie 2 yn: fan it drinken fan hite dranken krijst kanker. As je al net moedeleas wiene fan it reguliere nijs, dan soarge dat berjocht der wol foar. Hite tee en kofje fergruttet de kâns op slokdarmkanker. Ik siet krekt oan de kofje doe’t ik it lies, en fielde de swolch dy’t ik naam hie stadich nei ûnderen ta glydzjen, as wie it lava.

Ik skeat fuortendrekt yn in filosofyske kramp. As men net troch in Islamityske kiloknaller de dea ynjage wurdt, dan is it dus wol troch tee of kofje. Of troch read en bewurke fleis te iten, sa’t ús in pear moannen lyn foarhâlden waard. Bacon en hotdogs: net oan begjinne. Likemin as oan suvel, magnetron-popcorn, frisdrank, margarine, light-producten, fruit (behalve as it biologysk is), wyt moal en alkohol. En dat is noch mar in seleksje.

Fan kleare argewaasje stuts ik de brân yn in sigaar. Ik ûntspande my op slach, oant ik my realisearre dat roken ek dwersferkeard is. Mei de trui oer de holle kroep ik ûnder de tafel. Wat bleau my noch, no’t hast alle iten en drinken kanker feroarsake? Seks, tocht ik doe, seks is goed foar it hart en de bloedsomloop. Men ferbrânt der mear kaloryen mei as in kuierke, en by pineholle wurket it as in pynstiller. Allegearre nocht en wille en allinne mar foardielen.

Oant ik my, dêr ûnder de tafel, betocht datst ek fan seks kanker krije kinst, benammen dy aktiviteit dêr’t in mûle en geslachtsdielen oan te pas komme. Op dat punt oankaam wie ik ree om foargoed ûnder de tafel lizzen te bliuwen. It libben is in deadlike sykte, konkludearre ik, mei de rêch tsjin de radiator. Ik foel heal yn de sliep, om nei in sekonde of in oere wekker te wurden mei it byld fan in poster op it netflues. It wie der ien fan Loesje: ‘Leven is meervoud van lef’.
Ja, tocht ik, wylst ik ûnder de tafel weikrûp, sa is it. Minsken dy’t altyd sûn libje en oeral om tinke krije likegoed kanker. It libben is in deadlike sykte foar elkenien. Dus wêrom net it libben ten folle libje?

Lit ús laitsje, tocht ik, wylst ik in nije sigaar opstuts en in glês whisky yngeat. Lit ús faker stom dwaan, rare ferskes sjonge, bliid wêze, yn de bleate kont yn see springe, inoar helpe, in tattoo sette litte dêr’tst spyt fan krijst, mar wol in goed ferhaal oan oerhâldst. Lit ús op muzykfestivals oan de knibbels ta yn de drek omwâdzje, sekse sa faak en safolle as wy dêr sin oan ha. Lit ús dat allegearre dwaan, en as in mâlenien fan elke minút genietsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)