UPDATE: Portykbrân yn Drachten is oanstutsen

21 jun 2016 - 07:00

De brân fan moandeitenacht yn de portyk fan in flat oan De Warande yn Drachten is nei alle gedachten oanstutsen. Dat meldt de plysje. De brân ûntstie mooglik yn in bulte mei kranten yn it treppehûs. Troch it fjoer ûntstie der yn de portyk in soad reek, wêrtroch't de bewenners fan de flat har apparteminten net ferlitte koene. Om't der tusken it treppehûs en de apparteminten noch in ekstra doar sit, koe de reek de minsken yn harren hûs net berikke.

De brânwacht is útriden mei twa blusauto's en in heechwurker en hie de brân rap ûnder kontrôle. De skea yn de portyk falt ta. De plysje is no op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
brân De Warande Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)