Bauke Mollema lit NK hurdfytsen sjitte
Hurdfytser Bauke Mollema út Ljouwert docht kommend wykein net mei oan it NK. Dat meldt RTV Noord. Mollema slacht de nasjonale titelstriid foar de tredde kear oer.
It NK hurdfytsen stiet in wike foar de start fan de Tour de France pland. Dêrom dogge in soad toppers net mei. It Nederlânsk Kampioenskip wurdt kommende sneon ferriden op Goeree-Overflakkee.