Grou krijt bysûndere 'beleeftún'

20 jun 2016 - 20:52

Grou krijt in bysûndere 'beleeftún' om de natuer te ûntdekken, te boartsjen en te túnkjen. Moandei hat wethâlder Diks it startskot jûn foar de oanlis by de Súdfinne. It terrein fan de eardere Nijdjipskoalle feroaret dizze simmer noch yn in grien boartersplak dêr't bern yn beammen klimme of hutten bouwe kinne en oer it 'bleate fuottepaad' rinne kinne.

Boppedat komme der beachfollybalfjilden, in kabelbaan en in klimmuorre. It hiele plan is ûnderdiel fan De Groene Loper Grou.

Yn dat ramt komt der ek in aparte foarsjenning foar bewenners fan Friesma State: spesjaal makke plantebakken op hichte dêr't yn túnke wurde kin. Tal fan organisaasjes út it doarp binne by de plannen belutsen en fersoargje ek it ûnderhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)