Spylskema's earedifyzje en Jupiler League fêststeld

20 jun 2016 - 20:09

Fuotbalbûn KNVB hat de spylskema's foar de earedifyzje en de Jupiler League definityf fêststeld. Foar SC Hearrenfean is der neat feroare: de Feansters starte snein 7 augustus út tsjin AZ yn Alkmaar. Yn de Jupiler League moat SC Cambuur op freed 5 augustus nei VVV Venlo.

De Ljouwerters spylje yn de earste difyzje meastentiids op freedtejûn: 29 kear yn totaal. De oare wedstriden spylje se op moandei (seis kear), sneon (ien kear) en snein (twa kear). SC Hearrenfean spilet de measte fan syn wedstriden op sneontejûn, nammentlik sechtjin kear.

Trettjin kear komme de Feansters op sneintemiddei yn aksje. Fierder spylje se fjouwer kear op freedtejûn en ien kear op in tiisdeitejûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)