Minister Kamp wol gaswinning Toppenhuzen net tsjinhâlde

20 jun 2016 - 17:52

De gaswinning by Toppenhuzen giet sa't it no liket gewoan troch. Minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken sjocht gjin oanlieding om it gaswinningsplan tsjin te hâlden of te wizigjen. Dit skriuwt hy yn in brief oan de Twadde Keamer.

En dat komt oan as in grutte teloarstelling by pleatslik belang Top en Twel, sa seit foarsitter Tsjerk Bouwhuis. Sy hawwe de ôfrûne moannen in soad aksje hâlden om de plannen fan gaswinningsbedriuw Vermilion tsjin te hâlden.

Fertrouwen fuort

Boppedat hie it pleatslik belang in soad fertrouwen yn de second opinion fan yngenieur Adriaan Houtenbos. Yn dit rapport stiet dat de grûn mar leafst 5 oant 6 sintimeter sakje kin troch de boarringen. Mar dat rapport kloppet net, neffens it Staatstoezicht op de Mijnen en ûndersyksynstitút TNO en dus wol Kamp it boarjen net ferbiede. De gemeente Súdwest-Fryslân wol noch net reagearje foardat der in definityf beslút naam is.

"Yn 'e prullebak"

De foarsitter fan Top en Twel wol dochs noch net opjaan. Hy fertrout boppedat de partijen net dy't no sizze dat de second opinion net kloppet. ''Staatstoezicht op de Mijnen en ûndersyksynstitút TNO binne faker de fout yn gien by de boarrings yn Grins en dat wolle wy hjir net. It rapport wurdt no sa yn 'e prullebak goaid'', sa seit Bouwhuis.

De bewenners fan Toppenhuzen meitsje harren al folle langer drok oer de gaswinnings. Se woene in nulmjitting, mar dy is nea tasein. Neffens de rapporten fan Vermilion sels is der kâns op maksimaal 2 sintimeter boaiemdelgong en de kâns op ierdbevingen nihyl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)