UPDATE: Dak sportsintrum Sint-Anne stoart hast yn

20 jun 2016 - 19:17

It dak fan Sportsintrum De Bildtse Slag yn Sint-Anne drige moandeitemiddei yn te stoarten. Der lei tefolle reinwetter op. Minsken dy't yn it swimbad wienen, hearden it dak kreakjen en seagen it boljen. It gebou is dêrom ûntromme.

De brânwacht hat drok dwaande west om it oerstallige wetter fan it dak ôf te heljen. Se wienen neffens Marco Veenstra fan de brânwacht krekt op tiid. Der lei minimaal tweintich kúb wetter op it dak.

Dêrfoar hiene de helptsjinsten in gat yn it dak makke, sadat in part fan it wetter fuort koe en de druk op it dak ôfnaam. It wetter rûn yn it swimbad, dat spesjaal hjirfoar leechpompe is. It swimbad-gedielte fan it sportsintrum bliuwt foarearst ticht. Dit duorret mooglik wiken. De gemeente docht noch in boukundige ynspeksje om te sjen hoe't it mei de rest fan it gebou sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)