FNP: Grûnbûne en bioboeren wurde dupe fan nije fosfaatregels

© Omrop Fryslân
De FNP makket him soargen oer de nije fosfaatregels en de gefolgen dêrfan foar grûnbûne en biologyske boeren. It liket der neffens de partij no op dat boerebedriuwen dy't de dong net op harren eigen lân útride, befoarrjochte wurde.
Dizze moanne nimt Den Haag in definityf beslút oer de nije fosfaatregels. De FNP fynt dat de grûnbûne en biologyske boeren net de dupe wurde meie en ropt oare partijen dêrom op foar dizze groep op 'e bres te springen.
Wurdfierder Wopke Veenstra fan de FNP: "It is net goed dat grutte bedriuwen dy’t foars ynvestearre hawwe yn ekstra fee en stâlen mar net genôch eigen lân hawwe no mei dong troch de hiele provinsje en sels troch it hiele lân slepe meie. Sy krije yn feite in foarsprong boppe de lânbouwers dy’t op in folle mear duorsume wize mei grûn en fosfaat omgean."