Fryslân hat primeur mei doarpetop

20 jun 2016 - 14:14

Fryslân krijt in doarpetop. Yn novimber treffe 1.000 Friezen elkoar om mei syn allen te praten oer de takomst fan it Fryske plattelân. De bedoeling is om út te finen wat doarpen belangryk fine, mar ek om te eksperimintearjen mei in nije foarm fan demokrasy.

Dizze doarpetop is ynspirearre op de G-1000 formule. In grutte groep minsken komt dan byelkoar om de hiele dei oer ien tema te praten. Oan de ein fan de dei bepale se ek sels wat der mei de útkomsten bart. It is foar it earst dat sa'n boargertop provinsjebreed plak hat.

Soartgelikense 'boargertoppen' hawwe earder al west yn bygelyks Grins en Amsterdam. It idee is dat gewoane minsken en de oerheid tichter byelkoar komme.

Trefwurden: 
doarpetop boargertop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)