Ferheging brêge Ryptsjerk soarget foar spul

Der is spul tusken de ynwenners fan Ryptsjerk en de provinsje oer it plan om de brêge midden yn it doarp 65 sintimeter heger te meitsjen. Dy hegere brêge is nedich foar in nije farferbining tusken de Grutte Wielen en it Bûtenfjild. It giet om de twadde saneamde 'electric only' sloeperûte dy't de provinsje dêr realisearje wol. De brêge yn Ryptsjerk leit yn it paad.
Dy moat in stik heger, seit de provinsje, wol in sloep dêr ûndertroch kinne.
Oerlêst
Buertbewenners binne net bliid mei it plan; in hegere brêge mei in bult jout oerlêst en betsjut ek minder privacy. Sy freegje dêrom om in beweechbere brêge, mar dat wol de provinsje net.
Oan de nije farrûte wurdt al yn heech tempo wurke. Op dit momint is de provinsje dwaande mei it ferheegjen fan de brêge yn de Westerdyk, de provinsjale dyk tusken Tytsjerk en Gytsjerk. As dy klear is, dan is de brêge fan Ryptsjerk oan bar, want dat is it earstfolgjende obstakel.
25 sintimeter
It konflikt draait eins om 25 sintimeter. Neffens de earste berjochten soe de brêge 40 sintimeter heger wurde. De buorlju wiene dêr net bliid mei, mar akseptearren dat. Mar letter waard it 65 sintimeter en dat fine de buorlju fan de brêge ûnakseptabel. De buorlju sille no beswier meitsje tsjin de fergunning foar de nije brêge.
Beswierproseduere
De provinsje fynt it spitich dat it op in beswierproseduere útdraait, mar sil wol besykje om mei de buorlju fan de brêge yn gesprek te bliuwen. Doarpsbelang Ryptsjerk besiket wakker om te bemiddeljen tusken provinsje en de minsken dy't by de brêge wenje, mar oant no ta sûnder al te folle súkses. Alle partijen binne it der wol oer iens dat in beweechbere brêge, dy't dêr yn it ferline ek lei, in moai alternatyf wêze kin, mar de oerheden fine in beweechbere brêge te djoer yn oanlis en ûnderhâld en hâlde fêst oan it oarspronklike plan: in fêste brêge dy't 65 sintimeter heger is.
Sa't it no stiet is de kâns grut dat de ûnôfhinklike bestjoersrjochter him dêr meikoarten oer bûge mei.