Frijend stel trapearre troch befeiliger

Frijend stel © Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat sneintemoarn betiid in frijend stel op 'e died trapearre. De 19-jierrige jongeman út Súdwest-Fryslân en syn passazjiere riden it terrein fan Friesland Campina op, setten de auto oan de kant en klaaiden harren bûten de auto út. In bewaker seach dit en warskôge de plysje. Dy trof it stel oan yn it gers oan de kant fan de Jachthavenleane.
It stel moast him oanklaaie en mei nei it buro. Dêr die bliken dat de bestjoerder mei drank op riden hie. Syn rydbewiis waard yn beslach naam.
Ek moat de jongeman in kursus folgje oer de gefolgen fan drank yn it ferkear. It stel krige dêrneist it advys om tenei op in plak te frijen dat minder fertocht wêze kin.