Fraksjefoarsitters wolle waarnimmend kommissaris

20 jun 2016 - 10:45

Der moat nei it fuortgean fan John Jorritsma nei Eindhoven in tydlike kommissaris fan 'e Kening yn Fryslân komme. Dêr trúnje de fraksjefoarsitters fan provinsjale steaten op oan by minister Plasterk. Fryslân hat fan heal septimber ôf gjin kommissaris, om't Jorritsma dan nei Eindhoven giet om dêr boargemaster te wurden. Fanwegen syn ûnferwachte fuortgean en om't de simmerfakânsje der tusken sit, kin it langer duorje foar't der in opfolger fûn is.

Deputearre

De nije kommissaris begjint nei alle gedachten pas yn 2017. Gewoanwei nimt in deputearre de taken fan de kommissaris tydlik oer, mar de tiid oant de beneaming fan de nije kommissaris soe te lang wêze om dat derby te dwaan.

Friezen belûke by beneaming

Neffens Johan Tjalsma fan it CDA, dy't út namme fan de steatefraksjes sprekt, is de beneaming fan in kommissaris in bysûnder momint en wolle sy dêr goed de tiid foar nimme. De fraksjefoarsitters wolle dêrneist de Friezen belûke by de beneaming fan de nije kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)