Brêge Alphen aan den Rijn einliks yn gebrûk naam

20 jun 2016 - 09:44

De Koningin Julianabrug yn Alphen aan den Rijn wurdt moandei lang om let yn gebrûk naam. It brêgedek fan BSB Staalbouw yn Sumar waard yn maaie pleatst, nei't dat augustus ferline jier hielendal mis gie. De twa grutte kranen op driuwende platfoarms foelen om en namen it swiere brêgedek mei yn harren fal. De skea wie enoarm en dêrby rekken in pear minsken licht ferwûne.

Der wurdt moandei net feestlik stilstean by it yn gebrûk nimmen fan de brêge. Op 2 july is der wol in troch de ynwenners sels organisearre iepeningsfeest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)