Tal Fryske boargerhelpferlieners groeit

20 jun 2016 - 09:02

It tal boargerhelpferlieners yn Fryslân groeit. Wiene it der ein 2015 jier noch 4.200, no binne it der 6.500. Dat meldt de Hartstichting. Lanlik binne der 130.000 boargerhelpferlieners, sa'n 0,8 prosint fan de befolking. Mei 1 prosint kin hiel Nederlân in 6-minutensône wurde. Dat hâldt yn dat der binnen seis minuten in helpferliener is by it slachtoffer fan in hertstilstân. Fryslân hellet dy 1 prosintgrins wol.

Smelle Ie

De kâns dat je op tiid reanimearre wurde, it is grutst yn Smelle Ie. Dêr hat 14 prosint fan de bewenners him oanmeld. Yn 53 Fryske doarpen en stêden binne noch gjin helpferlieners registrearre.

Trefwurden: 
boargerhelpferliener
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)