Flechtlingen en Ljouwerters mei-inoar oan tafel

20 jun 2016 - 08:43

Kafee Neushoorn yn Ljouwert is moandeitejûn it dekôr fan in gearsit fan flechtlingen en ynwenners fan de stêd. Yn it ramt fan wrâldflechtlingedei sil de hjoeddeistige situaasje fan flechtlingen bepraat wurde. Boargemaster Ferd Crone is oanwêzich en sil meiprate oer de fraach wat de stêd Ljouwert dwaan kin om de situaasje fan flechtlingen te ferbetterjen. Dêrnjonken sille flechtlingen en Ljouwerters mei-inoar yn petear gean en ferhalen útwikselje.

Yn it kafee binne ek twa foto tentoanstellingen fan flechtlingen te sjen en sil der in koarte dokumintêre te sjen wêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)