Scooterdieven oanhâlden yn Ljouwert

20 jun 2016 - 06:58

Twa 41-jierrige ynwenners fan Ljouwert binne sneintejûn oppakt foar de stellerij en heling fan in scooter. De scooter waard foarige wike stellen yn de Sint Jacobstrjitte, mar de fertochten koene doe ûntkomme. Ut ûndersyk die bliken dat de stellen scooter yn in berging oan de Giekstrjitte stie.

De plysje die sneintejûn in ynfal yn dy berging en dêrby waarden ek de twa fertochten pakt. Wilens de oanhâlding misledige ien fan de de fertochten in plysjeman. Beide fertochten sitte fêst en wurde troch de plysje ûnderfrege.

Trefwurden: 
stellerij Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)