Ek Patrick Frimpong werom by Aris

19 jun 2016 - 19:23

Basketbalklup Aris is drok dwaande mei it weromheljen fan basketballers dy't earder ek al foar de Ljouwerters spilen. Nei Craig Osaikhwowuomwan meldt Aris no ek dat Patrick Fimpong wer weromkomt. De sintrumspiler fan 2 meter 6 spile yn 2008-2009 yn de seleksje fan Pete Miller. Dêrnei spile Frimpong (29) ûnder oare yn de Frânske kompetysje by Wasquehal.

It ôfrûne seizoen spile Frimpong foar Binnenland út Barendrecht. Mei dat team ferlear hy de finale yn de promoasjedifyzje. Frimpong is de fyfde spiler dy't Aris fêstleit foar 2016/2017.

De ferwachtingen binne grut. Manager Gert Schurer ferwachtet dat Frimpong tegearre mei Meshack Lufile foar it nedige 'spierballewurk' ûnder de basket soargje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)