Plysje pakt trije man op foar stellen beurs yn Drachten

19 jun 2016 - 17:29

Yn Drachten hat de plysje yn de nacht fan sneon op snein trije manlju oppakt foar it stellen fan in beurs. De plysje krige in telefoantsje dat in tsjûge sjoen hie dat in dronken man troch trije manlju op de Súdkade bestellen waard fan syn beurs. It slachtoffer hie krekt yn in snackbar west en woe op hûs oan. Doe't er op strjitte rûn waard er troch twa manlju ôflaat, wylst de tredde man syn beurs pakte.

Dit waard sjoen troch in tsjûge, dy't it slachtoffer op it barren wiisde. Doe't se ferhaal helje soene by de dieders, waard de tsjûge slein.

It trio is letter op de Klysterstrjitte oanhâlden troch de plysje en fêstset yn in plysjesel yn Ljouwert. It giet om in Drachtster (37), in Ljouwerter (28) en in man út Swol (29).

Trefwurden: 
Drachten beurs stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)