Oerol 2016 ferkocht 135.000 kaartsjes

19 jun 2016 - 17:21

Der binne dit jier in rekôrtal kaarten ferkocht foar Oerol. Mei-inoar 135.000. It giet sawol om kaartsjes foar teaterfoarstellings as om entreebantsjes foar festivalterreinen. Ferline jier waarden der 10.000 kaarten minder ferkocht. De besikers keazen dit jier benammen foar aventuerlik nij wurk.

It festival hie dit jier ek ferskate nije saken. Sa wie der in spesjale ferrassings WhatsApp tsjinst. Minsken dy't harren dêrfoar opjoegen krigen trije kear deis in appke mei in ferrassing, lykas in geheim optreden, in workshop of in priisfraach.

Sa'n 2500 minsken folgen de berjochten fan de WhatsApp tsjinst. Ek waard in 'Oerol all-inpakket' yntrodusearre. Dat is in boekingspakket wêrby't minsken yn ien kear sawol in entreebantsje, twa teaterkaarten, in boatticket, hierfyts as in kampingplak regelje kinne.

Trefwurden: 
Oerol kaartferkeap
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)