Fjouwer oanhâldings op doarpsfeest Goutum

19 jun 2016 - 17:08

Op it doarpsfeest fan Goutum binne yn de nacht fan sneon op snein fjouwer minsken oanhâlden. Nei ôfrin fan it feest yn it doarp, om 2 oere, woe in grutte groep jongerein net fan it feestterein ôf. De jongeren wiene ûnder ynfloed en krigen ûnderling slaanderij. De organisaasje hie befeiligers ynhierd foar it feest, mar moast ek de plysje ynskeakelje.

De plysje frege de jongerein om it terrein te ferlitten, mar dat holp net. De plysje moast lang om let de wapenstôk brûke om de jongerein fuort te jeien. Fjouwer jongeren waarden oanhâlden.

It giet om trije jonges fan 15, 16 en 17 jier út Ljouwert, en in 19-jierrige jonge út Goutum. Sy wurde ûnder oare fertocht fan it fersteuren fan de iepenbiere oarder en fan it misledigjen fan de plysje. De Goutumer wurdt boppedat fertocht fan it fernielen fan in wc-doar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)