Wim Stroetinga wint lêste etappe Ster ZLM Toer

Wim Stroetinga hat snein yn Boxtel de slotetappe fan de Ster ZLM Toer wûn. De 31-jierrige hurdfytser út de Parkhotel Valkenburgploech wûn nei 186 kilometer de massasprint fan it peloton. Hy wist Dylan Groenewegen en klassemintslieder Sep Vanmarcke krekt foar te bliuwen.
Foar Stroetinga is it de grutste oerwinning út syn hurdfytskarriêre oant no ta. Vanmarcke waard tredde. Dêrmei ferskere him fan de einoerwinning fan de fiifdaagse wedstriid troch Nederlân en België.

Falpartij

Troch in falpartij oan de ein fan de etappe koe in oantal toppers net mear meisprinte om de oerwinning, mar foar Stroetinga docht dat neat ôf oan syn persoanlike súkses. "Ik wie fan doel om it hjoed kalm oan te dwaan yn ferbân mei it Nederlânsk kampioenskip. Mar als je in kâns krije as dizze, dan moatte je dy net lizze litte. Dit is in moaie oerwinning op heech nivo."

Maarten Tjallingii

Der wie by de koers ek spesjaal omtinken foar Maarten Tjallingii. De 38-jierrige hurdfytser fan LottoNL-Jumbo makke in ein oan syn lange profkarriêre en kaam kuierjend oer de einstreek fan syn lêste wedstriid. Hy waard wiidweidich yn it sintsje set op it poadium. Tjallingii wûn yn 2006 de Ronde fan België en yn 2011 lei er beslach op it tredde plak fan de klassiker Parys-Roubaix.