Osaikhwuwuomwan komt werom by Aris

Craig Osaikhwuwuomwan
Basketbalspiler Craig Osaikhwuwuomwan komt werom by de Ljouwerter basketbalploech Aris. De 26-jierrige forward tekenet foar ien jier. Hy kaam yn it suksesfolle seizoen 2012/2013 ek yn aksje foar de Ljouwerters.
Hjirnei ferhuze Osaikhwuwuomwan foar twa jier nei Donar yn Grins, en ek spile er noch by Landstede yn Swol. Coach Klaas Stoppels krijt mei Osaikhwuwuomwan in spiler mei ûnderfining derby yn syn team.