Drumfanfare Oanje fan Minnertsgea yn Elburg yn de prizen

19 jun 2016 - 12:42

Drumfanfare Oranje fan Minnertsgea hat sneon op it freestyle konkoers yn Elburg in earste priis helle. De band krige in puntetotaal fan 84,22 foar de show. It freestyle konkoers jout bands de mooglikheid om in show op te fieren mei mear frijheid as in gewoan konkoers.

It wie foar it earst dat Oranje meidie oan sa'n freestyle konkoers. It is de bedoeling dat parten ek meinaam wurde yn de foarstelling foar it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade yn 2017. Yn totaal diene sân bands út hiel Nederlân mei oan it freestyle konkoers yn Elburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)