"Gjin alternatyf foar ôfsletten Haulstersingel De Jouwer"

Der is gjin goed alternatyf foar de ôfsluting fan de Haulstersingel by De Jouwer. Dy strjitte wurdt ôfsletten omdat dat de rûte foar it sântransport is foar de nije oansluting fan de A6 en de A7. Dat seit wethâlder Durksz fan de gemeente De Fryske Marren, as reaksje op skriftlike fragen fan it CDA. Dy fraksje is bang foar skea troch de 48 swiere frachtauto's dy't der de hiele dei delride.
In parselieding is gjin opsje, omdat dêr in soad wetter foar noadich is en dat kin op it bouplak net ôffierd wurde. It moat dêrom wol mei frachtauto's.
Dat binne der lykwols safolle, dat it oare autoferkear der net mear feilich lâns kin. Durksz seit ta dat der in nulmjitting komt, om it it ferskil yn ferkearsdrokte goed sjen te kinnen. As der skea ûntstiet oan de Haulstersingel, dan moat de oannimmer dat betelje. De Haulstersingel giet fan 25 juny ôf in pear moanne ticht foar autoferkear. Fytsers kinne der noch wol del.