Bart Helmholt wint it fierljeppen yn Grypstsjerk

19 jun 2016 - 08:26

It fierljeppen yn Grypstsjerk is sneon wûn troch Bart Helmholt fan Burgum mei in finalesprong fan 21.07 meter. De Burgumer kaam yn de foarronde al ta 21.03 m. Ek Nard Brandsma liet him wer sjen. De klassemintslieder gie as fjirde de finale yn, mar dêr ljepte hy nei it twadde plak mei in nij pr fan 20.98 m. Oane Galama fan Wiuwert waard mei 19.38 tredde.

Opfallend wienen de prestaasjes fan de famylje Nauta fan Drylts: Klaske wûn de finale by de froulju (15.59), Jan Teade by de junioaren (17.24) en Wietse by de jonges (17.14).

Foar Wietse Nauta is it alwer de seisde titel op rige, hy wûn oant no ta alles. By de famkes yn de topklasse gie de winst nei Mare Dijkstra fan Molkwar mei in sprong fan 14.46, twadde waard dêr Sigrid Bokma fan Hylpen, sy sprong 14.35 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)