De Lofklank út Oerterp grutte winner SurventoBrass

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Yn de B-groep fan it SurventoBrass Festival yn Surhústerfean gie sneon de haadpriis nei De Lofklank út Oerterp ûnder lieding fan Gerk Huisma. Sy wiene net allinne de bêste oer it totaalprogramma, mar ek de entertainmentpriis en de solistepriis gie nei dizze brassband.
Greidebrass Spannum ûnder lieding fan Marco Middelburg wûn de C-groep. De entertainmentpriis, útrikt troch Tet Rozendal, wie ek foar Greidebrass. De solistepriis wie foar Jeroen Helder fan Udi fan Easternijtsjerk.
Neist Tet Rozendal bestie de sjuery út Tijmen Botma, dirigint fan de JWFKMK, en Anne van de Sluis, koördinator Amateurkunst/Muzyk Keunstwurk.
Yn de A-groep wie mar ien dielnimmer, brassband Schoonhoven ûnder lieding fan Ivan Meylemans. Sy namen alle prizen fan de heechste groep mei nei Súd-Hollân.