Antal van der Duim krekt net yn finale toernoai Blois

Antal van der Duim © ANP
It is tennisser Antal van der Duim (28) fan Finkegea sneon net slagge om in finaleplak te feroverjen op it challengertoernoai fan Blois yn Frankryk. De as sechde pleatste Belch Steve Darcis wie yn de heale finale krekt te sterk foar Van der Duim. De setstannen wiene 7-5 en 7-6.
It wie foar Van der Duim foar it earst yn syn karriêre dat er sa fier kaam op in challengertoernoai. Twa jier lyn helle Van der Duim al in kear de kwartfinale fan sa'n toernoai. Dat barde doe yn Alphen aan den Rijn.