Agressive Dokkumer (23) fêstset foar 'ferskate ynsidinten'

18 jun 2016 - 18:37

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat freed in agressive Dokkumer (23) opsletten fanwege in searje ynsidinten. By in supermerk smiet de man in fyts omfier. Doe't in omstander yngripe woe, waard dy sa hurd oanpakt dat syn klean skuorden.

Yn de supermerk gie it net folle better. De man smiet in krat bier tsjin in skap mei wynflessen. Doe't de plysje der oan kaam besocht de man om út te naaien op in stellen mountainbike. By syn oanhâlding fersette de man him sa bot dat er boeid wurde moast. De man sit yn Ljouwert yn de plysjesel.

Alle belutsenen hawwe oanjefte dien. De fyts is wer weromjûn oan de eigner.

Trefwurden: 
Dokkum agressyf opsletten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)