Sint-Anne fiert feest foar de reade duvels

18 jun 2016 - 17:30

Sint-Anne kleure sneontemiddei in bytsje swart, giel, read. Yn de Kuperusstrjitte wappere by hast alle huzen de Belgyske flagge fanwege de fuotbalwedstriid België-Ierlân. Ludo Mombaerts is Belch en ynwenner fan Sint-Anne. Syn buorlju jûchheiden sneon mei him foar de reade duvels. En ek al ferlear België de earste wedstriid op it EK, Mombaerts wie fol betrouwen.

Dat betrouwen wie terjochte, want België wûn yn Bordeaux oertsjûgjend mei 3-0 fan Ierlân troch goals fan Lukaku (twa kear) en Axel Witsel.

De teloarstellende earste wedstriid - 2-0 ferlies fan Italië - is dêrmei fuortpoetst. De reade duvels ha yn de lêste groepswedstriid tsjin Sweden genôch oan in lykspul om troch te gean nei de achtste finales. Mombaerts kin sadwaande noch faker mei alle buorlju it Belgyske nasjonale team oanmoedigje.

Trefwurden: 
Sint-Anne EK fuotbal België
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)