'Mr. Tambourine Man' dûmny Rinsma foar it lêst yn aksje

18 jun 2016 - 15:33

Foar de lêste kear is de Goutumer dûmny Gerard Rinsma sneon aktyf as strjitartyst Mr. Tambourine Man. Hy spilet op de Wurdumerdyk yn Ljouwert, by de yngong fan de mennistetsjerke. Rinsma hat 17 jier spile foar in goed doel: de opfang fan strjitbern yn Rio de Janeiro, mar kin dat net langer kombinearje mei syn drokke wurk as dûmny.

Ek spilet mei dat de regels foar optreden op strjitte hieltiid stranger wurden binne. Rinsma hat op in soad plakken yn Nederlân spile, mar ek yn stêden as Oslo, Stockholm, Berlyn, Keulen en Düsseldorf.

Yn Apeldoorn wûn Rinsma yn 2005 in priis as leukste strjitact.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)