Stichting Oan 'e Dyk Peazens-Moddergat siket jild

Stichting Oan 'e Dyk yn Peazens/Moddergat is mei in jildaksje úteinset foar de oankeap fan it eigen ûnderkommen. Se sitte yn in bygebou fan de âlde tsjerke yn it doarp. It tsjerkebestjoer wol it lokaal, sa't it neamd wurdt, ferkeapje. De stichting, bekend fan de Waadkuiertochten en tochten mei hynder en wein, sit al njoggen jier yn it gebou en mei as earste in bod dwaan en yn terminen betelje.
Se hawwe mei-inoar hast 50.000 euro nedich. Provinsje en gemeente hawwe al 12.500 euro tasein. Foar 1 july moat der 20.000 euro op it kleed