Drakeboate-kampioenskip mei rekôr oantal dielnimmers

Oan it drakeboatfestival en it dêrby hearrende Frysk kampioenskip foar drakeboaten yn Kollum docht sneon in rekôroantal dielnimmers mei. Der dogge 26 teams mei 450 dielnimmers mei, dat is 50 mear as ferline jier. Drakeboaten binne boaten fan goed 12 meter lang. Foarop sit in man of frou mei in trommel en der binne 16 minsken dy't peddelje moatte.
It inisjatyf komt fan ûnder oare de aktiviteitekommisje, de ûndernimmers en pleatslik belang fan Kollum. It is foar de 4e kear dat it iepen Frysk kampioenskip yn Kollum organisearre wurdt.