Bysûndere kwal fûn op it strân fan It Amelân
Op it strân fan It Amelân is in seldsume kwal fûn, it bist wie dea. It giet om in saneamde cassiopea mei in trochsneed fan sa'n 30 sintimeter. Petra de Jong fan de Stichting Anemoon fûn de kwal op it strân. Frijwilligers fan de stichting sykje op it strân geregeld nei bysûndere fynsten.