Caparis-gemeenten stekke meikoarten de koppen byelkoar

18 jun 2016 - 09:53

De wethâlders fan de acht gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis komme ynkoarten by mekoar om te praten oer de problemen binnen de wurkfoarsjenning. Dat seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert. De problemen binnen Caparis wurde hieltiid grutter. Der rinne meardere rjochtsaken tsjin earder fuortstjoerde direkteuren.

It managementteam fan Caparis makket him grutte soargen oer de wize fan liedingjaan by it bedriuw. De ûndernimmingsried hat it fertrouwen yn de direksje en de ried fan kommissarissen earder al opsein.

Dat wie neidat in kandidaat fan de UR foar de ried fan kommissarissen ôfwiisd waard. Feitsma ropt de UR no op om sa gau as mooglik mei in nije kandidaat te kommen.

Trefwurden: 
Caparis gemeenten oerlis
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)