Drachtsters fine in stellen scooter yn de sleat

Buertbewenners fine in stellen scooter yn de sleat © De Vries Media
Buertbewenners fan de Wielewalen yn Drachten fûnen freedtemiddei in scooter yn in sleat by de boarterstún. De fynst waard melden by de plysje en dy koe oan de hân fan it kenteken sjen dat de scooter in pear dagen earder stellen wie fanôf de Nachtegaalstrjitte yn Drachten. De plysje ûndersiket de saak fierder.