"Ferfier fan sân knipepunt De Jouwer soarget foar problemen"

Der moat in oare oplossing komme foar it ferfier fan sân foar de nije oansluting fan de A6 en A7. Dat seit fraksjelid Henk Alderse Baas fan it CDA. Fan 25 juny ôf sil de Haulstersingel yn 'e buert fan 'e Jouwer nammentlik ôfsletten wêze, om dit foar inoar te krijen. De CDA-fraksje tinkt dat de beslissing soargje sil foar problemen.
Sa soenen der 48 frachtweinen yn 'e oere ride om it sân te ferfieren. De dyk is dêrfoar neffens Baas net geskikt. Om de minút in sânauto oer de lanlike Haulstersingel kin net sûnder gefolgen bliuwe, sa seit Baas.
Soargen oer feilichheid
Neffens Baas bestiet der ek twivel by omwenners oer bygelyks de feilichheid fan fytsers op 'e smelle dyk. It CDA soe dêrom graach in oare oplossing sjen foar de oanfier fan it sân.