"Myn fader is fut lopen, dus foor my hoeft Vaderdag niet"

17 jun 2016 - 16:01

"Myn fader is fut lopen toen ik in half jaar was, dus foor my hoeft it allemaal niet", dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk oer de Heitedei fan takom snein. "Kommersjele flauwekul" en "In moai momint om ris stil te stean by de betsjutting fan ús heit", wiene oare reaksje dy't oantoane dat der wer hiel ferskillend oer tocht waard.

In leave reaksje kaam noch fan in jonkje dy't wat moais makke hie foar syn top heit, wylst in grientekeapman útsjocht nei syn earste heitedei: sûnt in healjier is er de grutske heit fan in twaling.

Harkje nei de reportaazje op de Ljouwerter freedsmerk.

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert heitedei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)