Finansjeel tekoart Smellingerlân nimt ta

17 jun 2016 - 15:42

De gemeente Smellingerlân sjocht de finansjele tekoarten de kommende jierren fierder oprinnen. Der wie rekkene op in tekoart fan 6,9 miljoen, dat wurdt 7,1 miljoen. Dat docht bliken út it finansjeel perspektyf foar 2017-2020.

Dat it tekoart heger útfalt, komt foaral troch de gefolgen fan Ryksbelied. It giet benammen om maatregels op it mêd fan de jeugdsoarch en de WMO, de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. De gemeente jout oan dat der hieltyd minder jild is om de ambysjes te realisearjen.

De gemeente wol it tekoart mei struktureel 4 miljoen euro werombringe. Hoe, dat moat noch neier bepaald wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)