Skipsportret fan oarlochsskip Tjerk Hiddes de Vries oankocht

17 jun 2016 - 15:18

De Ottema-Kingma stifting hat in skipsportret fan it oarlochsskip fan Tjerk Hiddes kocht foar it Fries Scheepvaart Museum. Admiraal Tjerk Hiddes de Vries is ien fan de grutste seehelden fan Fryslân. By tafal waard it Fries Scheepvaart Musuem wiisd op it skilderij. Nei wiidweidich ûndersyk die bliken dat ien fan de skippen op it skilderij fan Tjerk Hiddes wie.

It wapen fan Fryslân, de twa rinnende liuwen stean op de fergulde spegel fan it skip. Nei alle gedachten giet it om in skilderij dat skildere is troch Abraham Storck, ein 17e iuw.

Dream dy't útkomt

"Dit is in dream dy't útkomt foar ús, hjir stiet in grutske direkteur", sa seit direkteur Meindert Seffinga. Op de ôfbylding is ek it skip fan de broer fan Tjerk Hiddes de Vries te sjen. It museum wol gjin útspraken dwaan oer de finansjele wearde fan it keunststik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)