DS wol oanpak fan guozzen mei in jier ferlingje

17 jun 2016 - 14:21

De hjoeddeistige oanpak fan guozzen yn Fryslân moat mei in jier ferlinge wurde. Dat wolle Deputearre Steaten, op basis fan in evaluaasje fan de maatregels oant no ta. Ferline jier wie it earste jier fan de Fryske Guozzeoanpak. Neffens DS is dat gjin goed fergelikingsjier.

Der is te min bekend oer de ynfloed fan de mûzeskea en der wie by de jagers ûndúdlikheid oer de regels, as it giet om it sjitten fan de guozzen. Kommende winter is der sprake fan twa moannen winterrêst foar de guozzen. Yn dy perioade moatte jagers de fûgels mei rêst litte.

Soe de hjoeddeistige oanpak net trochset wurde, dan soe dy rêstperioade ferlinge wurde nei fjouwer moannen.

Trefwurden: 
guozzen deputearre steaten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)