FIDEO: Berne-iepenloftspul De Geast fan Spultsjelittens

Freedtejûn giet it berne-iepenloftspul De Geast fan Spultsjelittens yn premjêre. Bern út de gemeente Littenseradiel fiere alle jierren in iepenloftspul op yn Easterwierrum. Omrop Fryslân wie derby.
Omrop Fryslân jout dit simmerseizoen ekstra omtinken oan de iepenloftspullen. Fan de fyftjin stikken dy't kâns meitsje op in Gouden Gurbe, binne op dizze spesjale side reportaazjes te finen mei ynformaasje oer de stikken en spyldata.