Strânwacht foar fiifde jier oanwêzich op Amelanner strannen

17 jun 2016 - 12:34

De Keninklike Nederlânske Rêdingsmaatskippij stelt dit jier foar it fiifde jier op rige strânwacht yn op fjouwer plakken op Amelanner strannen. By Hollum, Ballum, Nes en Buren komme rêdingsposten. Tusken 18 juny en 18 septimber binne dêr alle dagen lifeguards oanwêzich.

De strânwachten fan ferline jier dogge wer mei, mar der binne ek nije minsken bykommen. Ferline jier hawwe de Amelanner strânwachten goed 900 kear earste help ferliend en acht minsken út see rêden. 

De KNRM fersoarget de foarsjenning ek op Flylân, Skylge, Skiermûntseach en Wassenaar.

Trefwurden: 
strânwacht It Amelân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)