Twa manlju oanhâlden foar ferkearsrûzje op A32

Ien fan de auto's wurdt ôffierd © Jaring Rispens, Camjo Media
De plysje hat tongersdei in 49-jierrige man út Noardwâlde en in 45-jierrige man út Stienwyk oanhâlden foar gefaarlik rydgedrach en mishanneling op de A32. Beide manlju hiene rûzje mei elkoar. Dat fochten se op de sneldyk út. De twa botsten opinoar. De manlju hiene nei alle gedachten al langer in konflikt.
It ferkear op de A32 stie lange tiid fêst troch de ferkearsrûzje. Tusken Oranjewâld en Wolvegea stie in file fan goed 8 kilometer, ek trochdat de fangrail reparearre wurde moast.
De man út Stienwyk is noch foar kontrôle nei it sikehûs gien. It rydbewiis fan beide manlju is yn beslach naam. De plysje hat de saak yn ûndersyk en ropt tsjûgen op har te melden.