Maas is bliid mei 'waarme, hurdwurkjende folksklup' Cambuur

17 jun 2016 - 11:40

Rob Maas hie sels net ferwachte dat SC Cambuur him ha woe, nei it minne lêste healjier dat hy hie by Vitesse. Dat sei er freed op de parsekonferinsje by de Ljouwerter klup. De nije haadtrainer is bliid mei de oerstap. Hy neamt Cambuur in waarme folksklup, dêr't hurd wurkjen sintraal stiet.

Ek Henry van der Vegt fan Cambuur is optein. Rob Maas foldocht oan it profyl fan oanfallend spyljen, fersoarge fuotbal en is in teamplayer, sa seit de technysk direkteur. Maas komt foar ien seizoen nei Cambuur, mei de opsje op noch in seizoen.

Cambuurbloed

De Cambuursupporters hiene leaver sjoen dat Fred Grim de nije trainer waard, seit Kees Elzinga. Hy is de foarsitter fan supportersferiening Kern van Cambuur. "We hiene leaver ien mei Cambuurbloed sjoen" seit er. "Maas moat syn spoaren as trainer noch fertsjinje, mar we moatte him wol in kâns jaan. We moatte him net ôfbrâne foardat er begjint."

"Type beginnende trainer"

Guon minsken binne bliid dat Rob Maas fuort is by Vitesse. "Het seizoen van Vitesse is volslagen mislukt" sa seit sportferslachjouwer Maurits Straatman fan Omroep Gelderland. Benammen de twadde seizoenshelte, doe't Maas oan it roer stie, wie min. "Hij is van het type beginnende trainer. Met alle manco's die bij een beginnende trainer horen. Toen hij bij Vitesse wegging dacht ik: het gaat heel lang duren voordat we hem weer bij een club in het betaald voetbal aan het werk zien. Maar het kan gek lopen..."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)