Soarchbuorkerij Moai Seldsum wol transparante soarch

17 jun 2016 - 11:15

Mear ynsjoch jaan yn de feroaringen yn de soarch. Dat is it doel fan in miny-sympoasium organisearre troch soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk. Mei it sympoasium wol de soarchbuorkerij omtinken freegje foar de situaasje dy't ûntstean is nei't yn 2015 de wetjouwing feroare is.

De soarchbuorkerij hat krityk op de gemeente Tytsjerksteradiel. Se fine dat by de gemeente de soarchfraach oer fierstente folle skiven giet. Saken duorje dêrtroch langer.

Ek soe de soarch foar bygelyks minsken dy't deibesteging krije en in ferstanlike beheining hawwe folle transparanter moatte en moat de ferbining tusken de mienskip en de soarchynstellingen better wurde.

"Ik hoopje dan ek fan herte dat de beliedsbepalers hjoed delkomme op ús iepen dei en by it sympoasium" sa seit Attsje de Vries fan de soarchbuorkerij. Bewenners fan Moai Seldsum wurkje yn it melkfeebedriuw, yn kombinaasje mei spesifike soarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)