Stikje Iselmar wurdt drûchlein foar berging fleantúchwrak

In stikje Iselmar wurdt drûchlein foar de berging fan it fleantúchwrak út de Twadde Wrâldoarloch. Op 22 augustus wurdt begûn mei it bergjen fan de Ingelske bommewerper dy't op de boaiem fan de Iselmar leit, op sa'n 15 kilometer fan De Lemmer.
Nei it drûchlizzen wurde laachje foar laachje fleantúchresten, eksplosiven en stoflike resten fan de bemanning hiel foarsichtich omheech helle. Al it materiaal wurdt ûndersocht op in wurkeilân dat tydlik oanlein wurdt yn de Iselmar.
It is foar it earst dat op dizze wize yn Nederlân in fleantúch út de Twadde Wrâldoarloch burgen wurdt. Neffens wurdfierder Arie Kappert fan de Luchtmacht is dat nedich omdat der bommen yn it wrak sitte dy't tige gefaarlik wêze kinne en samar ûntploffe kinne. It bergjen duorret likernôch in moanne.
Ien fjouwerkante kilometer fan de Iselmar wurdt ôfsetten fanwegen de bergingsoperaasje en 24 oeren deis bewekke. De berging kostet de gemeente De Fryske Marren 1 miljoen euro. It grutste part fan dat bedrach krije se werom fan it Ryk.