Kollum: "Twivelkont"

17 jun 2016 - 09:02

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert. Se is te folgjen op Twitter.

"Hmja, hmja", preuvele de automonteur oer it autoke wat ik ferkeapje soe. Hy fage syn grutte wurkershannen ôf oan syn overal en skrabbe oer syn wang. "Dit is ien fan de beste autokes dy't der binne hear mefrou. Japanske motor hè, en sa sunich as wat." "Aha", gûlde ik heal.

No hie ik dus opnij in reden om te twiveljen as ik 'm wol ynruilje moast. Wol of net fuort dwaan. Wol of net? Of wol? Of net? Of wol? Of net?
Sa'n twist as dizze kin yn myn breinpanne oant yn de ivichheid trochgean. As it baltsje út in flipperkast, dat mar trochbatst. Oant je hielendal mar neat beslute.

Ik bin de grutste twivelkont fan dizze planeet. Je soene der healwiis fan wurde. In oantal goeie bekenden fan my bin it ek, ik sil gjin nammen neame, mar it froulike diel fan ús gesin kin der ek wat fan, fan dat ivige geastlike hottefyljen.

Ik ha ris heard oer in boer út de Wâlden dy't noait út de rie komme koe, ik mien oer as er wol of net meane soe. "Sil ik wol of sil ik net?", mompele er dan. Dy boer krige de bynamme 'Si'k, si'k net'? Ha moai. Der binne dus mear besluteleazen! Ek noch boeren! In treast, want dat binne ferstannige types.

Dat ivige 'siksiknet', sit my yn 't paad dus wol ik der fanôf. Mar foardat ik it yndykje kin, moat ik it meganisme earst begripe.
Ik tink dat earnstich twiveljen te krijen hat mei de eangst om fouten te meitsjen. Want wat no, as de kar úteinlik net de bêste is, dan sitte je dêr mar moai mei. Of sa wat hinne. Ik bin gjin sielekniper, mar ik tink dat it der sa wat by leit.

Ik kin dêrom wat leare fan de baas fan Pixar. Dat is dat bedriuw dat machtich moaie animaasjefilms makket, sa as Finding Nemo en Ratatouille. Dêr sizze se: sa gau mooglik fale, dan kin je der sa gau mooglik fan leare. Ien fan de Pixar-betinkers seit: je soene noait tsjin ien sizze dy't gitaarspyljen leart: do meist mar ien falske noat spylje en asto in fout makkest, moast nei it folgjende nûmer'. Nee, dat sizze je net. Fan fouten kin je leare. As je stil sitte bliuwe as in mûs, sille je noait wat nijs probearje. Der stie my dus wat te dwaan: sa gau mooglik in fout meitsje.

Dus ik nei in autohanneler. Want ik soe trochpakke, blinders. Deryn brâne. Ik ruile myn auto yn by in typstra. Alle bellen rinkelen. Sis mar alles wat se wolris sizze oer twaddehânsk autoferkeapers kloppe. Myn yntuysje raasde it út.

Mar ik wie blyn want ik stie middenyn myn geastlike trochbraak. Ik hakte ommers in knoop troch! Dat it kring mei skokjes foarút kaam by de proefrit, foel my wol op mar ik tocht, it sil wol tafalle en ik wie ôflaad troch de autoferkeaper dy't neist my siet en tsjin my sei, "do kinst hiel goed autoride!" Ik tocht ek: wat hearlik, elektryske ramen en wat in bagaazjeromte!

Dus no ryd ik in brik, skokkend as in âld hynder mei epilepsy, en as ik de radio oan dwaan wol moat ik der wol sa'n allemachtige klap op jaan dat er stjerkes sjocht. Mar ik ha wol in beslút naam, blikstienders!

Dochs sil ik moarn mar efkes mei ús heit nei in Fryske autoboer. Je meie net etnysk profilearje fansels mar dochs tink ik dat Friezen my in bettere auto jaan wolle foar in bettere priis. Fan je fouten moat je leare."

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)