Fleantúchwrak WOII yn Iselmar wurdt op unike wize burgen

Op de boaiem fan de Iselmar, sa'n 15 kilometer fan De Lemmer leit in fleantúchwrak út de Twadde Wrâldoarloch. It Ingelske fleantúch hie bommen oan board en moat dêrom burgen wurde. Dat wurdt yn augustus dien troch de loftmachtbergingstsjinst.
Unyk is dat der earst in daamwand om it wrak hinne boud wurdt. Dêrnei wurdt it wetter derút pompt. Sa komt it fleantúch as it ware drûch te lizzen en kinne se de bommen ferwiderje. Neffens Johan Graas fan de Aircraft Recovery Group is dat noch net earder dien yn Nederlân.
It wrak fan de Vickers Wellington waard yn 2014 lokalisearre. Der is foar de berging in soad ûndersyk dien, ûnder oare troch de Aircraft Recovery Group. Dat is in stichting dy't fleantúchcrashes yn de Twadde Wrâldoarloch besiket te rekonstruearjen.
De Ingelske twamotoarige bommewerper waard op 9 maaie 1941 út de loft sketten troch in Dútske nachtjager. Fan de seis bemanningsleden, wurde der noch twa fermist. De ferwachting is neffens Graas dat dy noch yn it wrak oantroffen wurde.