Gemeente Hearrenfean nimt maatregels tsjin ikeprosesjerûp

16 jun 2016 - 18:25

Yn de gemeente Hearrenfean binne meardere nêsten fan de ikeprosesjerûp fûn. De gemeente hat de beammen dêr't nêsten yn sitte, mei linten oanjûn en spesjale lokfallen set foar de ikeprosesjeflinter. Meiwurkers fan de gemeente hâlde de fallen de kommende tiid goed yn de gaten.

Dochs kin der oerlêst fan de nêsten ûntstean. De hierkes fan de rûpen kinne jokte feroarsaakje en problemen mei it sykheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)