Feanster kriget taakstraf foar seksuele hannelings mei famke

Justysje © Omrop Fryslân
In 29-jierrige man út It Hearrenfean hat in taakstraf fan 180 oeren krigen foar seks mei in famke fan 14 jier. Boppedat krige er trije moanne selstraf ûnder betingst. Yn dy tiid moat er him psychysk behannelje litte.
De man kaam it famke út Pieterburen yn de kunde op in chatsite op ynternet. Se troffen inoar en yn de auto fan de man kaam it ta seksuele hannelingen. De man tocht dat it famke 16 jier wie. De fertochte is alris earder feroardiele foar sededelikten.